Hôf: 18 jier yn saak-Ooms

Hûs Ooms
De haadfertochte yn de saak-Ooms giet dochs 18 jier de sel yn. Dat hat it gerjochtshôf tiisdei bekend makke. De man waard earder ek al ta 18 jier selstraf feroardiele, mar tekene dêr heger berop tsjin oan. Marinus Ooms waard yn oktober 2006 mei in mes om it libben brocht yn syn hûs yn Haulerwyk.
Neffens de haadfertochte wie hy op it momint fan de stekpartij net yn Haulerwyk, mar syn twa mei-fertochten sizze dat hy wol de dieder is. Dy twa meifertochten hawwe selstraffen fan 13,5 jier en 10 jier oplein krigen
Se waarden earder feroardiele ta fyftjin en tsien jier sel. Earder lei de rjochtbank de haadfertochte en in oare fertochte ek TBS op, mar dêr giet it gerjochtshôf net yn mei.