Friezen fleane mear fia Eelde

04 okt 2006 - 22:06

Hieltyd mear Friezen untdekke de mooglikheden fan it Grinzer fleanfjild Eelde. Sa'n 17 persint fan alle minsken dy't fleant fia Eelde is Frysk. Dat wie ferline jier noch 14 persint, dat komt del op sa'n 10 tûzen minsken.

Fan Eelde ôf wurdt ynkoarten ek wer flein nei London. De bestimming Amsterdam is ek populêr. Dat soe sels goedkeaper wêzer as sels mei de auto nei Skiphol ta ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)