Jabikskrûd wurdt oanpakt
De provinsje giet de striid oan mei it jabikskrûd. It giele plantsje is bisûnder giftig foar hynders en kei. Sa giftig sels dat de bisten der dea oan gean kinne. Yn it ferline frege de FNP omtinken foar dit gefaar.
Lang om let komt der no in ynformaasjefolder. Derneist krije de bermbehearders de opdracht ekstra omtinken te jaan oan de bestriding fan it plantsje.