Nij Altoenae noch gjin doarp

© Omrop Fryslân
De doarpsstatus foar it buorskip Nij Altoenae by Sint Anne wurdt in saak fan lange azem. De gemeente It Bilt hat noch hieltyd gjin akkoart berikt mei TPG-post oer in postkoade foar Nij Altoenae. Alle 110 hûshâldens krigen dêr woansdei in brief oer. De gemeente skriuwt dat mooglik de help fan de minister ynroppen wurdt.
Op 9 febrewaris spruts de mearderheid fan de ynwenners him yn in referindum út foar ynfiering fan de doarpsstatus.