Heger berop Eye4Care skrast

© Omrop Fryslân
It heger berop tsjin de liedingjaanden fan it omstriden behannelsintrum Eye4Care yn Harns is skrast troch justysje, omdat de haadfertochte stoarn is. De direkteur en it medysk haad fan Eye4Care binne ein 2004 feroardiele ta in moanne sel op betingst en in boete fan 500 euro.
De manlju behannelen yn har klinyk û.o. terminale kankerpasjinten, wylst se dêr gjin foech ta hiene. De klinyk yn Harns is yntusken sletten.