Trije liuwen foar Pantera

04 okt 2006 - 15:09

Rôfdiereopfang Pantera yn Aldeberkeap hat tongersdei trije liuwen út Switserlân krigen. Woansdei wiene de bisten op transport set.

Pantera hat lang striden foar in nij plak foar de liuwen. De eigner hat in skoft besocht in bistetún te finen dy't de liuwen hawwe woe, mar dat slagge net. Doe drige de eigner de bisten ôf te meitsjen. De yntake fan de liuwen waard dien troch de bekende kattetekener Francien van Westering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)