Fryslân krijt jeugdynstelling

04 okt 2006 - 10:31

Yn 2008 moat der yn Fryslân in jeugdynstelling wêze foar jongeren mei earnstige gedrachsproblemen dy't oars yn de jeugdfinzenis telâne komme soene. Jeugdhelp Fryslân is op syk nei in lokaasje.

Ferskate gemeenten hawwe har al oanmeld, om't sa'n ynstelling arbeidsplakken opsmyt. Der soe plak komme moatte foar sawat sechtich oant tachtich jongeren. Se krije terapy en begelieding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)