Aris wint lêste oefenwedstriid

04 okt 2006 - 09:59
Foto: Omrop Fryslân

Basketbalklup WoonAris hat de lêste oefenwedstriid foar de nije kompetysje wûn. It Sweedske Sundvall Dragons waard mei 90-80 ferslein. Nei it earste kwart wie it ferskil al sechstjin punten. De Sweden spilen mei de âld-spilers fan Aris, Michael Kingma en Tim Whitworth. By Aris skoarde Lawrence Hamm 21 punten. Sneon spilet Aris de earste wedstriid tsjin Capitals út Grins.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)