Azc Drachten: 200 plakken ekstra

It azc yn Drachten mei útwreidzje fan 400 nei 600 opfangplakken. Dat hat de gemeenteried fan Smellingerlân tiisdei besletten. Alle partijen, útsein de VVD, stiene achter it beslút.
Opfangorgaan COA hie frege om ekstra kapasiteit. De ôfrûne jierren binne in soad azc's sluten, mar yntusken docht bliken dat der dochs ferlet is fan mear romte. Yn Drachten moatte wol ekstra gebouwen komme om de ekstra opfang mooglik te meitsjen.