Feansters kjel fan sluting Vos

03 okt 2006 - 23:31

De oansteande sluting fan transportbedriuw Vos Logistics komt hurd oan yn Surhústerfean. Wethâlder Willem van der Wal tinkt dat de gemeente neat dwaan kin om it bedriuw te behâlden. Hy is wiis mei it foarnimmen om it wurk fan alle 130 meiwurkers te behâlden.

Direksje en fakbûnen wolle dat berikke troch konsintraasje op de festiging yn Veendam. Op 14 oktober is der in ynformaasjejûn foar it personiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)