Opfang De Jouwer net strafber

© Omrop Fryslân
Der is foar safier bekend gjin sprake fan strafbere feiten by de berneopfang op 'e Jouwer. Dat ferklearret de gemeente Skarsterlân nei oanlieding fan de beskuldigings tsjin in 58-jierrige man fan misbrûk. De man is yn 1994 wol feroardiele foar misbrûk fan syn minderjierrige styfdochter. It opfangplak dat de man no hat, is neat mis mei, fynt de gemeente. Alden binne sels ferantwurdlik foar wêr't se de bern ûnderbringe.