Vos Logistics mooglik ticht

03 okt 2006 - 17:16

Transportbedriuw Vos Logistics slút nei alle gedachten de festiging yn Surhústerfean. De bûnen prate tiisdeitejûn mei de direksje oer de plannen. Vos Logistics naam yn 2000 transportbedriuw De Bruin fan 't Fean oer.

De sluting betsjut net dat it wurk ferdwynt. Alle 130 wurkplakken gean mei oer nei de festiging yn Veendam. De direksje fan Vos wie net berikber foar kommintaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)