Snoarkjen kin gefaarlik wêze

De gefolgen fan snoarkjen foar de sûnens wurde noch altyd ûnderskat. Dat sizze spesalisten fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêrmei ûnderskriuwe se de útkomsten fan in lanlik ûndersyk. Fjouwer op de fiif minsken snoarkje. Gefaarlik is de 'apneu', as de snoarkers de siken ynhâlde.
It Sintrum foar Sliepsteurnissen yn it MCL helpt snoarkers. Sa is der in spesjale bûgel dêr't pasjinten mei sliepe moatte.