Nijbou AM van Schurman

03 okt 2006 - 15:10

Skoallemienskip Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer krijt der in gebou by. De earste peal waard tiisdei slein. De skoalle hat al in pear jier ferlet fan útwreiding. It nije gebou moat in ein meitsje oan de krapte. No stean der acht needlokalen by de skoalle om it tekoart op te fangen.

Ein augustus 2007 moat de nije lokaasje klear wêze. Benammen learlingen fan 'e ûnderbou, de earste en twadde klassen krije dêr les.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)