Doeksen komt Flylân yn 'e mjitte

03 okt 2006 - 12:13

Boaten nei Flylân sille wer farre neffens de âlde tsjinstregeling. Dat hat Rederij Doeksen besletten. Reden dêrfoar is de krityk op de nije tsjinstregeling fan ferline jier. Sa koene Flylanners net mear boadskipje yn Harns omdat de boat dan alwer klear lei om werom te farren.

De nije tsjinstregeling hie te krijen mei in nije fearboat. De 'âlde' tsjinstregeling wurdt wer ynfierd mei yngong fan 1 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)