Frontale botsing auto-trekker

03 okt 2006 - 12:03

In 57-jierrige automobiliste fan 'e Harkema rekke moandei ferwûne by in oanriding trochdat se midden op de dyk ried. It ûngelok wie op de Reaskuorre yn Stynsgea. In trekker bestjoerd troch in 44-jierrige ynwenner fan dat plak besocht de auto fan 'e frou noch te ûntwiken, mar dat slagge net.

De auto en de trekker kamen frontaal mei-inoar yn botsing. De frou is mei ferwûnings oan it gesicht nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)