'Fier frije slutingstiden yn'

03 okt 2006 - 11:38

Diskoteken en kafees yn Skarsterlân moatte sels bepale kinne wannear't se ticht gean. Dat fynt boargemaster Kuiper fan dy gemeente. By wize fan proef draaide de hoareka ferline jier mei frije slutingstiden. Doel dêrfan wie de oerlêst te beheinen.

De proef is dit jier wiidweidich evaluearre. Dêr docht út bliken dat frije slutingstiden foardielen hawwe. Om Kuiper kinne de frije slutingstiden no wol definityf ynfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)