Saak-ramkreak op televyzje

03 okt 2006 - 11:05

By de ramkreak by in juwelier yn Frjentsjer fan ferline wike moandei binne inkelde bysûndere sieraden stellen. Dat komt nei foaren yn de saak dy't jûn ûnder de oandacht brocht wurdt yn de programma's Plysjepost fan Omrop Fryslân en Opsporing Verzocht fan de AVRO.

By de ramkreak waard in Audi 80 brûkt om it rollûk stikken te meitsjen. Der waard 5 ton oan sieraden meinaam, wêrûnder de bysûndere eksimplaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)