Plysje lost sedesaak op

03 okt 2006 - 10:43

De Plysje Ljouwert hat de oanranding fan in famke (18) út Ljouwert oplost. Se waard woansdeitejûn 27 septimber op it Saailân ûnseedlik betaaste troch in stedsgenoat (47). In omstanner skeat te hulp. De fertochte is deselde jûn noch oanholden.

Nei in tsjûgenoprop yn 'e media hat de omstanner him melden by de plysje. Dat wie fan belang foar it bewiis. Nei ferhear en mei in proses-ferbaal is de fertochte wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)