Mear strjitljocht foar skoalbern

03 okt 2006 - 10:32

It gemeentebestjoer fan Skarsterlân wol as it moarns noch tsjuster is op trochgeande diken nei seis oere de strjitferljochting baarne litte. Dat is feiliger foar bern dy't op 'e fyts nei skoalle gean.

B en W oerwaagje ek om lampkes yn te bouwen yn 'e diken sels. Dat kin mei saneamde LED-ferljochting. It fytspaad by de Langwarderdyk del tusken Hústerheide en Langwar soe dêrfoar gaadlik wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)