Flink besunigje by MCL

It medysk sintrum Ljouwert MCL moat besunigje. De kommende jierren hat it sikehûs 7,5 miljoen euro minder om út te jaan. Dat komt om't minister Hoogervorst de sikehûzen yn Nederlân minder jild jout. Dêrneist hat ek it MCL te krijen mei hegere kosten.
Troch de besunigings ferdwine inkele tsientallen bêden. It personiel op dy ôfdielings wurdt op oare plakken yn it sikehûs ynset wurde. Der falle dus gjin ûntslaggen.