Batavus giet de oseaan oer

Batavus wreidet út nei Amearika en Kanada. It fytsfabryk fan It Fean sil dêr besykje by sa'n 1500 dealers har fytsen oan de man te bringen. Ferline wike die op de grutste fytsbeurs fan it lân, yn Las Vegas, bliken dat de Noard-Amearikanen in soad ynteresse hiene foar de Batavus-fytsen.
It fabryk hopet dat fral heechoplieden minsken yn de stêden belangstelling ha foar de fytsen. En dêr heart ek de ferneamde âlderwetske beppefyts by.