Untuchtfertochte oanholden

02 okt 2006 - 14:56

In 41-jierrige man út Wytmarsum is 19 septimber oanholden op fertinking fan ûntucht mei seis famkes. It giet om trije famkes fan acht jier, twa fan fiif en ien fan trije. Dat hat it Iepenbier Ministearje befêstige.

Tiisdei wurdt besletten oer it ferlingen fan de man syn foarriedige hechtenis. It misbrûk hat yn 2000 en yn 2006 plakfûn. De frou fan de man wie oppasmem fan de bern. Sy is net fertocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)