Minder standhâlders op Horesca

De hoarekabeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert lûkt minder bedriuwen as earder yn Súdlaren. De Ljouwerter organisaasje tinkt lykwols dat de kommende jierren mear ûndernimmings har wei fine sille nei de beurs.
In soad dielnimmers moatte noch wenne oan de ferhuzing. De Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren wie desennia lang de lokaasje fan de Horesca, dit jier is de beurs yn Ljouwert. Der binne sawat 140 standhâlders.