Hynsteriders nei nije maneezjes

02 okt 2006 - 12:53

It rint stoarm mei oanmeldings by maneezjes yn de omkriten fan Ljouwert. Dat komt om't de maneezje fan Ljouwert oergiet op in nij systeem, in soarte fan leasekonstruksje dy't foar in soad minsken djoerder útfalt.

De tillefoan stiet yntusken hast net mear stil by de maneezjes yn ûnder oare St. Anne, Wurdum en Dronryp. By dy lêste binne se tige wiis mei de nije leden, dêr wie krekt aardich wat romte frijkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)