Frou ferwûne by ûngelok

02 okt 2006 - 10:40
Foto: Omrop Fryslân

By in ûngelok op de A32 by Aldeholtwâlde is sneintenacht in frou fan 25 jier ferwûne rekke. De frou hie har auto net mear ûnder kontrôle, rekke yn in slip en kaam yn in greppel ta stilstân.

De brânwacht moast de frou út har auto helje. Se hie ferwûnings oan 'e rêch en nekke. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)