Tennisbanen Harkema ferhúzje

02 okt 2006 - 10:12

De kâns is grut dat it tenniskompleks op 'e Harkema op in oar plak komt. De gemeente Achtkarspelen ûndersiket oft de tennisbanen by sporthal De Fûgelkamp komme kinne.

De ferhuzing is nedich om de bou fan senioarewenten mooglik te meitsjen. De ôfrûne jierren is der in soad praat oer ferhuzing fan it kompleks. Ien fan de mooglikheden wie in gearwurking mei de tennisklub yn Surhústerfean. Dat is no fan 'e baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)