Lykspul foar Snits en De Jouwer

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser De Jouwer hat it twadde punt fan it seizoen pakt. Thús waard mei 2-2 lykspile tsjin HSC '21. De Jouwer kaam twa kear op efterstân, mar René Geertsma en Oebele Schokker makken twa kear lyk.
Snits kaam yn en tsjin Lienden al gau op efterstân, mar Luitzen Brink makke mei in moaie stift 1-1. Beide ploegen skoarden dêrnei noch twa kear. Foar Snits wiene Theo Ydema en Klaas Schotanus súksesfol.