Sms-systeem snoekbears wurket

01 okt 2006 - 16:20

De sport- en beropsfiskers binne tefreden oer it nije sms-systeem foar de registraasje fan snoekbears. Yn it ferline namen de beropsfiskers de snoekbears faak mei as byfangst.

Dat ta grutte yrritaasje fan de sportfiskers. Dy hiene betelle foar it rjocht te fiskjen op de grutte swietwetter-rôver. Beropsfiskers moatte de snoekbearsfangsten sûnt 1 juny troch-sms'e nei it haadkantoar fan de Sportfiskfederaasje yn Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)