Mishanneling by muzykfeest

01 okt 2006 - 15:02
Foto: Omrop Fryslân

By it muzykfeest 'De Hollandse Avond' yn it WTC/Expo yn Ljouwert binne twa 26-jierrige manlju út dat plak oanhâlden. De beide manlju wurde fertocht fan mishanneling.

Op it plein foar de yngong wie it in part fan de jûn ûnrêstich om't hieltyd groepkes mei inoar begûnen te fjochtsjen. De plysje hat fersterking opropt en it plein doe skjin fage. De beide manlju binne dêrop oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)