Ynbraken Dokkum en Hearrenfean
De plysje ûndersiket twa ynbraken by bedriuwen yn Dokkum en op It Hearrenfean. Yn beide gefallen kamen de ynbrekkers de gebouwen binnen troch in rút iepen te brekken. By it bedriuw oan de Bocksmeulen yn Dokkum binne twa fytsen stellen.
By it gebou oan de Venus op It Hearrenfean ha de ynbrekkers fernielings oanrjochte. Dêr waard neat meinaam.