Noardfryske CD presintearre
De Noardfryske muzykgroep 'Da Säkstante' hat sneontejûn mei in konsert yn Jarplund yn Noard-Dútslân de nije CD 'Frihäid' presintearre. De CD is hielendal yn it Noardfrysk.
Sân jier lyn kaam de groep mei de debút-CD 'Samerdruum'. De leden fan de groep binne tusken de 14 en 18 jier. Alle jierren komme der nije leden by de groep. De groep bestiet no tsien jier.