Twadde reedryd-maraton staakt

01 okt 2006 - 12:54

De twadde reedryd-maraton fan dit jier yn Utert is sneontejûn staakt. Nei in lytse tachtich ronden rekke reedrider Jochem Jansen fan de BTC-ploech ferwûne by in falpartij. Hy foel mei syn heup op de punt fan de reed fan in oare rider en is mei in djippe sneed nei it sikehûs brocht.

De maraton waard dêrnei staakt. Yn it sikehûs die bliken dat de blessuere fan Jansen tafoel. Hy hat gjin swier letsel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)