'Stadion moat better berikber'

01 okt 2006 - 12:39

It stadiongebiet op It Hearrenfean moat better berikber wurde. Dat sei skiedend foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean snein yn it Omrop Fryslân-programma Sportkafee.

Van der Velde fynt ek dat der gau bettere parkearfasiliteiten komme moatte. Der is te min romte en der moat foarkaam wurde dat besikers yn de takomst betelje moatte foar it parkearen. De provinsje seit dat der wurke wurdt oan oplossings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)