Hurdfytser Beima wint NK klubs

Marcel Beima fan Hurdegaryp hat it Nederlânsk Kampioenskip tiidriden foar klubs wûn. Yn Hoogezand-Sappermeer waard hy mei syn team De Jonge Renner út Oosterhout earste yn de rit oer 48 kilometer. Tredde waard NWV Grins mei Meint Berkenbosch út Aldeberkeap en Fries-om-útens Folkert de Haan.
Rutmer Faber fan Easterwierrum is twadde wurden by de junioaren mei syn team De Peddelaars.