Fytsster ferwûne yn Drachten

30 sep 2006 - 14:12
Foto: Omrop Fryslân

In 32-jierrige fytsster út Drachten is freedtejûn op de Suderbuert yn Drachten ferwûne rekke. De frou kaam yn botsing mei in oare fytser, dy't gjin foarrang ferliende op de krusing mei de Tsjerkestrjitte.

In brutsen earmtakke wie it gefolch. De frou is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)