Frou betrapet ynkringer

30 sep 2006 - 14:06
Foto: Omrop Fryslân

In 62-jierrige ynwenster fan Easterwâlde trof freedtemiddei by har wente oan de Poel in ynkringer oan. Op it momint dat de frou de man seach, naaide er út yn in auto.

De bewenster wist it kenteken fan de auto te notearjen. De auto wie in pear dagen earder stellen yn Grins. De man is sawat 35 jier en hat koart donkerblond hier.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)