Posysje Wesseling noch ûndúdlik

De klublieding fan Cambuur wol noch net sizze oft trener Roy Wesseling dien krijt. De lieding hie bettere prestaasjes easke fan de trener. Mar freed ferlear it team opnij. It waard 0-2 tsjin Emmen.
Yntusken ha de earste petearen west tusken de trener en it bestjoer fan de klub. Oer de útkomst dêrfan wurdt lykwols neat bekendmakke. Nei alle gedachten komt der nei de folgjende wedstriid mear dúdlikens.