FK pealsitten yn Warns

Sân mannen en ien frou binne yn Warns begûn oan it FK pealsitten 2006. Freedtejûn om 19.50 oere binne se op de peal sitten gien. Der is gjin eintiid ôfpraat: se kinne sa lang sitten bliuwe at se sels wolle.
It pealsitten is wer hielendal hot. Dat is mei te tankjen oan de film Sportman fan 'e ieu; dy gie oer pealsitten. De wedstryd yn Warns is de tredde dy't yn koarte tiid hâlden wurdt.