Fertochte fan moard net frij

Justysje © Omrop Fryslân
De 47-jierrige ynwenner fan De Harkema dy't fêstsit foar de moard op Murkje de Vries fan Koatstertille, komt foarearst net frij. Syn advokaat hat tiisdei yn it gerjochthôf fan Ljouwert om frijlitting frege, om't de Harkyt neffens har net ferantwurdlik holden wurde kin foar syn died.
De advokaat seit dat de man ûnder ynfloed fan it antydepressivum paroxetine hannele hat. Dat soe ek bliken dwaan út in sân wiken duorjend undersyk dat de fertochte ûndergien hat yn de Pompekliniek yn Nijmegen.
Fan de fjouwer kear dat er paroxetine krige, reagearre hy neffens de ûndersiker trije kear dúdlik agressiver. It Iepenbier Ministearje fage it ûndersyk fan tafel en neamde it net betrouber. De Harkyt is troch de rjochtbank feroardiele ta 24 jier sel foar de moard dy't er yn februaris 2008 pleegde.