Kramer wint heale marathon
Mariska Kramer fan Drachten hat de heale marathon fan Rolde wûn. Yn Drinthe wûn sy de wedstriid yn in nije wedstriidrekôr.
Kramer wie fier wei de beste. De nûmer twa, Daniëlle Krijgsman, kaam binne mei in efterstân fan fiif minuten en acht sekonden. Kramer rûn de marathon as tarieding op de Iron Man Triatlon op Hawaii.