Ofskie Riemer foar duel mei PSV

© Omrop Fryslân
Fan Hearrenfean-foarsitter Riemer van der Velde wurdt ôfskied naam foar de wedstryd fan takom snein. De wedstryd tusken Hearrenfean en PSV begjint om healwei trijen. Taskôgers wurde oproppen om in kertier foar de wedstryd yn it stadion oanwêzich te wêzen.
Yn de rêst binne der inkele aktiviteiten. Van der Velde draacht syn taken mei yngong fan 1 oktober oer oan de nije foarsitter Koos Formsma.