Bedriuw wreidet út yn Holwert

© Omrop Fryslân
Boubedriuw Van der Wielen hat fan de gemeente Dongeradiel tastimming krigen om yn it sintrum fan Holwert út te wreidzjen. Van der Wielen sil no in grutte opslachloads by it bedriuw bouwe. De riedsfraksjes joegen oan dat se net gelokkich binne mei de drokte yn it sintrum fan it doarp.
De ried hat begryp foar de beswieren fan de omwenners, mar it boubedriuw hat al sûnt 1990 in fergunning foar de opslach yn it sintrum fan Holwert.