Ljouwert wol data-sintrum ha

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert moat in grut data-sintrum komme. Bedriuwen en ynstellings kinne dêr gebrûk fan meitsje om data út te wikseljen. Ek kin it data opslaan fan grutte bedriuwen. Wethâlder Florijn pleite dêr tongersdei foar op in byienkomst fan ICT-ûndernimmers.
De gemeente Ljouwert is al begûn mei de realisaasje fan sa'n sintrum. Seis gemeenten wurkje dêr yn gear. Florijn wol it bedriuwslibben no ek sa fier krije mei te ynvestearen.