Rêdt Roy Wesseling it op?

29 sep 2006 - 10:21

Rêdt Roy Wesseling it? Dat is de ynset fan de kompetysjewedstriid Cambuur - Emmen. De rest is allegearre bysaak. It bestjoer fan Cambuur hat Wesseling twa wedstriden de tiid jûn om goeie resultaten te heljen. Jûn is de earste fan dy twa duels. De hjitting is dat Wesseling út dy twa duels fjouwer punten helje moat.

De spilersgroep stiet kollektyf achter Wesseling en sil alles op alles sette om fan Emmen te winnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)