Postma sakket in plak

29 sep 2006 - 10:04

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat gjin útsjoch mear op in topklassearring op it Europeesk Kampioenskip yn de Finn-klasse. Yn de lêste race waard hy 29ste. Dêrtroch sakke hy ien plak yn it algemien klassemint fan it 22ste nei it 23ste.

Beste Nederlanner is Sander Willems mei in trettjinde plak. Foar Postma duorret it EK yn it Spaanske Palamós noch oant en mei sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)