Baas boppe Baas teater yn

De Fryske soap Baas boppe Baas giet it teater yn. It stik moat fan takom jier ôf sa'n 70 kear op de planken te bewûnderjen wêze. Regisseur Steven de Jong is op it idee kaam omdat hieltyd mear minsken tsjin him seinen de searje te missen.
It stik sil foar it teater bewurke wurde troch kabaratier Rients Gratama. De sinteraasje is noch net rûn. Stipe fan 'e provinsje soe nedich wêze om it stik op de planken te krijen.