Subsydzje-oplieding foar amtners

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten litte miljoenen euro's oan Europeeske subsydzjes lizze. Dat seit Alex Holemans, Europameiwurker fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert.
Yn 2007 komme der wer nije Europeeske subsydzjepotten beskikber. Dêr sit foar Nederlân sa'n 2 miljard euro yn. Van Hall komt no mei in oplieding foar amtners. Se leare dan om projekten te betinken dy't foar Europeeske subsydzje yn oanmerking komme.