Ferkearskontrôle op A32

28 sep 2006 - 16:10

Op de A32 tusken Grou en Wurdum waard tongersdeitemiddei in grutte ferkearskontrôle hâlden. Der waarden motorplysjes ynset om autobestjoerders te selektearjen foar de kontrôle. Der waard letten op bygelyks it riden op reade disel en op riden mei alkohol op.

Der binne flink wat boetes útdield oan minsken dy't har papieren net by har hiene. Ferkearsfeiligens-organisaasje 3VO joech foarljochting oer autogurdels en ride mei drank op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)