Fermiste Straatsma terjochte

28 sep 2006 - 13:22

De 42-jierrige Roy Straatsma út Easterwâlde dy't sûnt tiisdeitemoarn fermist wie, is wer terjochte. Hy hat himsels tongersdeitemoarn by him thús melden, sa hat de plysje bekend makke.

De plysje sil noch mei him prate. Straatsma wie tiisdeitemoarn betiid op de bus stapt nei syn wurk yn Drachten, mar stapte net út by de halte dêr. Dêrnei hie net ien mear wat fan him heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)